Thialf krekt op tiid rêden

06 jan 2003 - 00:00

Neffens KNSB-foarsitter Reitsma is it fallisemint fan iishal Thialf yn Hearrenfean op it lêste momint foarkommen. Grutoandielhâlder Van Bekkum draacht syn oandielen moandei oer oan in nije stifting. Dat is nedich om in ekstra liening fan ien miljoen euro te krijen.

De skuld fan Thialf is oprûn nei sawat acht miljoen euro. Van Bekkum hie in moanne lyn al tasein syn oandielen oer te dragen, mar die dat ferfolgens net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)