Keninklike Earepenning foar LKC

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter keatsclub LKC Sonnenborgh hat de Keninklike Earepenning krige. Dat is de heechste ûnderskieding nei it predikaat 'keninklik'. Dy status hie LKC wol oanfrege, mar dy waard net takend want it Keatsbûn KNKB is dat al.
LKC is in club mei in lange tradysje. Ferline jier bestie de club 100 jier. LKC is de earste keatsclub dy't de keninklike earepenning kriget. Earder krige fuotbalferiening Frisia fan Ljouwert de ûnderskieding ek al.