Wa giet nei it NK garjen?

© Omrop Fryslân
Yn it Frysk Museum wurde snein de twa Fryske kandidaten foar it NK garjen bekendmakke. It kampioenskip is bedoeld foar bern fan 9 oant 12 jier. Yn it museum yn Ljouwert wiene de ôfrûne tiid in tal útstallings sjen, bygelyks fan 'beppe har barbiekleantsjes'.
De twa moaiste samlingen gean troch nei de lanlike finale. Takom maitiid is dy op 'e televyzje te sjen. It NK garjen is in inisjatyf fan 'e Avro en de Stichting Museumjierkaart.