Wiegel krijt rol yn kampanje VVD

© Omrop Fryslân
Ald-kommissaris fan de keningin yn Fryslân, Hans Wiegel, krijt in belangrike rol yn de kampanje fan de VVD. Listlûker Zalm hat him frege. Hy neamt Wiegel 'it orakel van Diever'. Op de nijjiersbyienkomst fan de partij snein is er ien fan de sprekkers.
Wiegel hat oanjûn dat er it 'aardich' fine soe om formateur fan in nij kabinet te wurden. Dat hat de noch altyd populêre VVD-er noch noait west. Hy hat it der noch net mei Zalm oer hân.