Wurk fan ferfelende jongeren

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtenacht yn Ljouwert in soad wurk hân fan in groep ferfelende jongeren. Yn de omkriten fan de Pier Panderstrjitte moast de plysje yngripe by in fjochtpartij.
Doe't de plysje in 13-jierrige jonge oanhâlde woe, woene oare jonges dat ferhinderje. Der ûntstie wer in fjochtpartij wêrby't in plysjeman ferwûne rekke oan de knibbel. De plysje moast in hûn ynsette om de groep te ferjeien. Trije jonges binne oanholden.