Kongreshotel yn Ljouwert?

© Omrop Fryslân
Hoarekabaas Gerard van den Tweel is drok dwaande mei de tariedings foar in grut kongreshotel yn Ljouwert. Dat liet er freed witte by de nijjiersresepsje fan de provinsje.
Van den Tweel woe noch gjin details loslitte, om't er noch mei ferskate partijen yn oerlis is. Van den Tweel hat lanlik in protte sukses mei grutte, lúkse kongressintra. Op de list fan de rykste Nederlanners fan it tydskrift Quote stiet er op it 345ste plak.