Nederlânsk trio yn Thialf

04 jan 2003 - 00:00

Rintje Ritsma is freed twadde wurden op de 5000 meter. Hy moast Gianni Romme foar him dulde. Nei twa ôfstannen stiet de Lemster tred yn it klassemint. Mark Tuitert liedt it klassemint. Hy wurdt folge troch Romme.

Ritsma wie bliid dat er starte koe. Hy wie yn in trening slim fallen en hie de earmtakke stikken. Noch net earder wie er syn karriêre sa hurd op it iis kommen. Nei in nacht drukferbân wie de pine minder wurden en koe er wer ride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)