Aksje om riedshûs Grou te hâlden

© Omrop Fryslân
It âlde riedshûs yn Grou moat net ferkocht wurde. Om dat te kearen is in hantekenaksje opset troch Museum De Trije Gritenijen dat yn it pân sit. Ek Pleatslik Belang wol it monumintale hûs fan arsjitekt Kropholler hâlde. It is ek in populêre lokaasje om te trouwen.
Der binne al 700 hantekens sammele, neffens de foarsitter fan it museum. Noch oant 12 jannewaris kinne minsken tekenje. Dat kin yn it riedshûs en de biblioteken yn Grou en Akkrum.