Ritsma achtste op 500 meter

03 jan 2003 - 00:00

Rintje Ritsma is freed by it NK allround achtste wurden op de 500 meter. Hy die dat yn in tiid fan 37,11. Winner fan de ôfstân waard de Rus Kibalko, yn 36,40.

Beste Nederlanner by it kampioenskip yn Thialf wie Mark Tuitert. Hy waard twadde, yn 36,62. Ralf van der Rijst sette in tiid del fan 37,51. Romme docht mei 37,83 noch goed mei foar it klassemint.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)