DeClerq winner yn Surhústerfean

© Omrop Fryslân
Mario DeClerq hat freed yn Surhústerfean de crosswedstriid wûn. De routinearre Belg (36) hie in grutte foarsprong, wylst er ûnderweis ek noch in grut part mei in lekke bân ride moast. It parkoers wie frij swier.
Twadde yn Surhústerfean waard Arne Daelmans, tredde wie Peter van Santvliet, beide út België. Beste Nederlanner wie Gerben de Knegt, op it fjirde plak. De Clerq gie ek yn 1998 mei de earste priis nei hûs.