Spanning oer iisflier

© Omrop Fryslân
It is in spannend wykein foar Thialf, en dan benammen foar de nije iismaster Beert Boomsma. Oant no ta hie Bertus Butter it foar is sizzen. Hy lei faak in iisflier fan topnivo. Boomsma wol dat graach sa hâlde.
Thialf makket iis fan sleatswetter, fan in sleat njonken it stadion. Ferline jier wie it iis min, mar dat soe no foarby wêze. De kwaliteit fan it iis kin foar in swiere rider as Ritsma in soad útmeitsje.