Ritsma yn fyfde rit op 500 meter

03 jan 2003 - 00:00

Rintje Ritsma moat freed as earste Nederlanner op it iis komme by it EK yn Thialf. By de lotting op de 500 meter waard er yndield yn de fyfde rit tsjin de Roemeen Bacila. Op de 5000 meter stiet de Lemster yn de achtste rit tsjin de Italjaan Fabris.

Barbara de Loor is by de froulju de earste dy't op de baan ferskynt. Se stiet op de 500 meter yn de fjirde rit tsjin de Italjaanske Mayr. Annemarie Thomas slút de rige ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)