Oalje en fjoerwurk oprûmje

© Omrop Fryslân
Wetterskip_Fryslân rommet freed op by Jirnsum en Drachten. It wetter dêr is fersmoarge. By de jachthaven Marina yn Jirnsum is hûndert liter oalje út in fet streamd. Oan de Falkstrjitte yn Drachten binne resten fan fjoerwurk yn de fiver telâne kommen.
Meiwurkers fan it fûgelopfangsintrum De_Fûgelpits helpe it wetterskip by it wurk. In pear einen binne ek fersmoarge.