'Diskofirus is faaks búkgriep'

© Omrop Fryslân
De besikers fan The Dance Factory yn Berltsum dy't nei in feest op twadde krystdei siik wurden binne, hiene nei alle gedachten in ûnskuldige búkgriep. Tocht waard oan in firus dat ferspraat wêze soe troch in sniemasine of ferkeard iten.
De GGD tinkt dat it om in firus giet dat yn de loft kommen is nei't in besiker spuid hie. Dat is wol opromme, mar om't der net folle fentilaasje wie is it firus hingjen bleaun.