De Kleine Bontekoe ôfbaarnd

© Omrop Fryslân
It eardere kafee De Kleine Bontekoe yn Ljouwert is woansdeitenacht folslein ôfbaarnd. It pân út 1872 oan de Troelstrawei stie al trije jier leech. It soe sloopt wurde. De brânwacht tinkt dat it fjoer oanstutsen is.
Yn it gebou sieten faak swalkers en jongeren. Neffens buertbewenners soenen der yn de nacht fan de brân ek minsken binnen west ha. It is net dúdlik oft se it pân op 'e tiid ferlitte kinnen ha. De plysje ûndersiket de brân.