Omset VVV nei ferhuzing groeid

02 jan 2003 - 00:00

De omset fan it VVV-kantoar yn Ljouwert is nei de ferhuzing mei 60 prosint omheech gien. Earder siet it kantoar yn it stasjongebou, mar sûnt april is it VVV yn de Achmeatoer ûnderbrocht. It kantoar wie te lyts.

Benammen de 'reiskes' nei de top fan de toer fan arsjitekt Bonnema wienen populêr. De VVV-direkteur ûnderhannelt no mei de oare hierders fan it pân om te sjen oft de lift wer iepen steld wurde kin foar nijsgjirrige besikers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)