Minder besikers Fryske bioskopen

01 jan 2003 - 00:00

De Fryske bioskopen hawwe yn 2002 minder besikers lutsen as yn it jier 2001. It rekord fan dat jier sil nei alle gedachten net op 'e nij helle wurde. Dat yn tsjinstelling ta bioskopen yn de rest fan ús lân.

Neffens frou Osinga fan de Ljouwerter bioskopen Tivoli en Club hat dat alles te krijen mei it feit dat der it ôfrûne jier gjin Frysktalige film lykas Nynke yn de bioskoop te sjen wie. Dy soarge foar in soad ekstra besikers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)