Kameleon en Woanskip teplak

© Omrop Fryslân
De Kameleonboat út Terherne is wer te plak. Begjin desimber waard er fuorthelle by de spuiterij yn Jirnsum. Bliken docht dat it boatsje meinaam is troch âldjiersploech 'Tied Zat' út it Drintse Zorgvlied. 'Tied Zat' wol dêrmei omtinken freegje foar it feroare wetterbehear yn de gemeente Westerveld.
It 'Woanskip' is opdûkt yn Drachten. Aldjiersploech De Folgeren hat it yn oktober stellen doe't it yn Warten by in jachtwerf lei foar in opknapbeurt.