Net folle maleur mei fjoerwurk

01 jan 2003 - 00:00

De sikehuzen yn Fryslân hawwe mei âldjier net folle fjoerwurkslachtoffers te behanneljen krigen. Yn Ljouwert wiene it der fiif wêrfan't ien opnaam wurde moast. Ferline jier behannele it MCL noch njoggen slachtoffers. Twa wiene der doe slim oan ta.

Ek yn de oare sikehuzen yn Fryslân wie it rêstich. Allinnich op It Hearrenfean moast ien persoan behannele wurde fanwege fjoerwurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)