Fjoerwurk by FEC ôfsein

01 jan 2003 - 00:00

De provinsje hat de grutte fjoerwurkshow by it FEC yn Ljouwert âldjiersnacht ferbean. Troch de hurde eastewyn soene brânende resten fan it fjoerwurk del komme kinne op de fjoerwurkopslach fan JNS-pyrotechnyk, neist it FEC.

Organisator Muis fan it feest is bot teloarsteld. Benammen omdat op it momint dat it fjoerwurk ôfstutsen wurde soe, der gjin wyn stie. It fjoerwurk by it FEC soe foar de 15de kear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)