Kameleon op fabryk yn Drylts

© Omrop Fryslân
De âldjiersploech fan Drylts hat it grutte skilderij op de muorren fan de fabryksgebouwen fan it eardere Nooitgedagt-fabryk ferrike mei in ôfbylding fan de Kameleon.
It skilderij mei dêrop in ôfbylding fan in skûtsje waard earder dit jier makke op inisjatyf fan stedsbelang Drylts. Dy woe op dy wize it fertutearze gebou yn it stedssintrum in moaier oansjen jaan. It wie de âldjiersploech blykber noch net moai genôch.