Alle fjoerwurk is útferkocht

31 des 2002 - 00:00

Yn Nederlân is amper mear fjoerwurk te krijen. Ymporteurs ha neat mear oer. Earder hâlden se sa'n fiif prosint oer. Neffens Tinga fan de brânzjeferiening konsumintefjoerwerk ha guon winkels noch wol wat. In soad kar ha de keapers dan net mear om't de moaie en djoerdere sierpakketten al fuort binne.

Yn ferliking mei foarich jier is de omset no heger. De ferkeap fan dit jier hellet it lykwols net by de ferkeap by de milenniumfiering.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)