Karbidsjitte yn Fryslân

31 des 2002 - 00:00

Net inkeld oaljekoeken hearre by Aldjiersdei ek it karbidsjitten is in goede Fryske tradysje. Op ferskate plakken binne de lûde knallen te hearren. De ploech fan Ie is dit jier foar de fyftjinde kear oan it karbidsjitten. Mei tachtich molkbussen binne se tiisdei al betiid begûn. Twa jier lyn hellen se in rekord mei 3558 knallen út 1054 molkbussen.

Ek yn Aldegea (Sm.) en Wytgaard wurdt folop mei karbid sjitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)