Aldjiersploegen hoedener

30 des 2002 - 00:00

Spektakulêre âldjiersstunts lykje der dit jier net yn te sitten. De âldjiersploegen binne foarsichtiger wurden, om't Vesuvius ferline jier in grouwe boete betelje moast nei it 'lienen' fan in byld fan Michels.

De tolerânsje foar de tradisjonele grapmakkerij oer liket minder te wurden. De ploegen binne in stik hoedener. Dit jier is de Kameleonboat al troch in aldjiersploech ûntfierd, en mooglik ek Anneke Douma's 'Woanskip'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)