Fryske dûmnys sammelje jild yn

30 des 2002 - 00:00

Al fjirtich Fryske dûmnys hawwe har oanmeld foar de aksje Geef Ze De Vijf dy't opset is troch in groep dûmnys út de omkriten fan Stynsgea en Surhuzum. It doel fan de jildaksje is om Stifting Respons te stypjen mei helpferliening oan útprosedearre asylsikers.

Hoewol't de stifting koartlyn 50.000 euro tasein is troch de provinsje, is der ekstra jild nedich om de help oan útprosedearre asylsikers ek yn de takomst garandearje te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)