Tsjerke Wierum te keap

30 des 2002 - 00:00

De grifformearde gemeente fan Wierum is op syk nei in keaper fan 'e tsjerke. De gemeente hat snein ôfskie nommen fan it gebou wêryn't mear as 100 jier tsjerke waard.

Benammen it tebekrinnend ledetal fan de gemeente is ien fan de oarsaken om it gebou ôf te stjitten. Dêrtroch wurdt it foar de gemeente hieltyd dreger om it tsjerkegebou fan Wierum yn stân te hâlden. De grifformearde Wierumers sille tenei yn Nes tsjerkje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)