Bouboeren driigje mei boycot

© Omrop Fryslân
Fryske bouboeren driigje de ferplichte mineraleboekhâlding te ûntregeljen. Se dogge dat as it net slagget om fia juridyske wei de strangere dongregeljouwing fan tafel te krijen. De bouboeren hawwe in rjochtsaak oanspand tsjin de nije regeljouwing, dy't stranger is as it Europeesk belied
It belied makket it folle dreger om konsumpsjejirpels of winterweet te ferbouwen. De bouboeren sizze dy opbringsten lykwols net misse te kinnen.