Wallendal direkteur Sportstêd

© Omrop Fryslân
Tsjisse Wallendal wurdt direkteur fan it projekt Sportstêd Hearrenfean. Dat sei de foarsitter fan SC Heerenveen, Riemer van der Velde, op Omrop Fryslân radio. Wallendal kombinearret it mei syn wurk foar de Feanster fuotbalklub. Hy is dêr kommersjeel direkteur.
It projekt driget yn swier waar te kommen om't de Europeeske Mienskip pas yn jannewaris de finânsjes besjocht. Ekstra útstel is lykwols net goed fine de gemeente en sportklub SC Heerenveen.