'Friezen stamme fan Drinten ôf'

29 des 2002 - 00:00

Friezen soenen fan Drinten ôfstamme. Alteast dat seit Roelof Kerst de Jong. De amateur-histoarikus hat ûndersocht hoe't de Kelten har as folk 1200 jier foar Kristus út Dútslân wei oer de rest fan Europa ferspraat hawwe.

Fan groepen dy't har fêstigen yn Drinte en Noard-Hollân, soe in part ek yn it Waadgebiet telâne kommen wêze. Dy groep soe isolearre rekke wêze. Leden fan de groep neamden harsels Frithen, neffens De Jong.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)