Grimbergen liedt klassemint

© Omrop Fryslân
Jeroen de Vries fan Sint Nyk is sneon tred wurden by de tsiende maraton fan de KNSB/Essent-kompetysje yn Alkmaar. De Frânsman Michaud wie wer de rapste rider. Bertjan van der Veen fan De Jouwer waard fjirde. Yn it klassemint stiet de Jouster tred.
De froulju rieden sneon de njoggende wedstriid yn de KNSB/Essent-kompetysje Jenita Hulzebosch-Smit waard earste. Petra Grimbergen fan It Hearrenfean waard fjirde. Se liedt it klassemint.