Van der Rijst ek by DPA-ploech

© Omrop Fryslân
De reedridersploech fan Ids Postma wurdt fersterke mei Ralf van der Rijst. Hy waard fjirde op it NK allround. Van der Rijst debutearret takom wike by it EK yn Thialf. Hy is de iennichste dielnimmer út de DPA-ploech dêr't neist Ids Postma ek Gretha Smit ynsit.
Smit hat har net kwalifisearre fanwege in blessuere. Postma waard seisde by it NK en krige gjin startbewiis. Neffens coach Ingrid Paul past Van der Rijst goed yn it team.