Fryske studinten by-inoar

27 des 2002 - 00:00

Foar de santichste kear hâlde Fryske studinten út it hiele lân freed en sneon har jierlikse krystkongres. Sa'n sechtich fan har komme yn Frjentsjer by-inoar.

De studinten diskusearje oer it tema fan de Fryske identiteit yn Europa. Fierders is der in kabaretkriich en in bierkriich. Yn Nederlân binne fjouwer Fryske studinteferienings, mei sa'n 250 leden. Bernlef, út Grins, is de bekendste, seker sûnt har Kameleon-film.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)