Fergese tagong docht fertuten

© Omrop Fryslân
It Frysk Museum hat dit jier sa'n 61.000 besikers ferwolkomje kinnen. Dat binne njoggentûzen mear as ferline jier.
It museum skriuwt de taname ta oan de fergese iepenstelling op woansdeis, in winsk fan de foarige steatssiktaris fan kultuer, Van der Ploeg. Goed trettjintûzen minsken ha gebrûk makke fan de fergese tagong. De bêst besochte útstallings wiene Abe Bonnema en Mundos Creados fan Noorderlicht.