Jûns gjin jildtransport Brinks

© Omrop Fryslân
Jildtransportbedriuw Brinks, mei ûnder oaren in festiging yn Drachten, is tydlik opholden mei jildtransporten yn de jûnsoeren. Dat is besletten nei in tsiende oerfal op in jildauto, moandei yn Breda.
It bedriuw fynt dat de plysje earst de dieders oppakke moat, nei alle gedachten yn alle tsien gefallen deselde groep. Hoewol't de oerfallen net yn Fryslân wiene, wol Brinks dêr gjin útsûndering meitsje.