Man mei drank rydt taksy oan

© Omrop Fryslân
In 23-jierrige man fan De Gastmar moast tongersdeitenacht syn rydbewiis ynleverje om't er mei drank op achter it stjoer siet. De man ried troch Heech en klapte mei syn auto tsjin in parkearde taksy.
De fertochte ried troch, mar de taksysjauffeur gong achter him oan. Eefkes letter koe de man oanholden wurde. De man moast mei nei it buro en krige proses-ferbaal. De man sei dat er neat fernaam hie fan de oanriding.