Bysûndere teepot foar museum

© Omrop Fryslân
Museum Willem van Haren op It Hearrenfean hat in bysûndere nije oanwinst. Dat is in sulveren teepot fan sulversmid Vogelzang út 1731.
It museum hat op it stuit mear as hûndert sulveren foarwerpen byinoar brocht yn de útstalling 'Een keur aan zilver'. De Feriening Freonen fan it museum hat dêr de teepot bykocht. Direkteur Alberts fan it museum wol net kwyt hoefolle jild it koste hat.