Krystdrokte by meubelsaken

© Omrop Fryslân
Tuzenen Friezen giene tongersdei op 'e strún yn meubelsaken. Dat is suver in tradysje wurden op Twadde Krystdei. Nettsjinsteande de minder geunstige ekonomyske situaasje hiene de measte meubelwinkels in protte klandyzje.
De restaurants hawwe wol te lijen ûnder de ekonomysje situaasje. Der wiene mei de krystdagen 10 persint minder gasten as ferline jier. Guon restaurants binne sels ticht mei de feestdagen.