Nonstop radio foar mear leden

26 des 2002 - 00:00

De Ljouwerter lokale omrop Mercurius bestiet tsien jier en fiert dat mei tsien dagen lang nonstop radio meitsjen. It doel fan de radiomaraton is om mear leden te krijen. Krekt as alle oare lokale omroppen is it foar Mercurius dreech om finansjeel rûn te kommen.

Oant Krysttiid ta hat de maraton Mercurius 150 nije leden opsmiten. De Ljouwerter piraten nimme it nei de Krystdagen oer oant âld en nij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)