Krystljocht Ice Lite: gefaarlik

24 des 2002 - 00:00

Krystljochten fan it merk Ice Lite moatte werom nei de winkel. Dy oprop docht ljocht- en lûdsbedriuw Faber út Twizel. Troch in fabryksflater kin koartsluting yn de krystfersiering ûntstean. De klanten krije in tegoedbon.

Faber hat dit jier goede saken dien, nettsjinsteande de minne ekonomyske sitewaasje. It bedriuw wol takom jier in grutte showroom bouwe om krystljochtartikelen út te stallen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)