Rappe riders yn de gaten hâlden

© Omrop Fryslân
De plysje hat tasein de kommende tiid faker te kontrolearjen op faasje op de dyk tusken Kollumersweach en Twizel. Geregeld ride automobilisten te rap op De Wedze. Oare riders ha der lêst fan en ha dêroer klage by de gemeente.
Op de dyk is 60 kilometer de tastiene limyt. Oan beide kanten lizze fytsstroken. It plan foar frijlizzende fytspaden is twa jier lyn troch de gemeenteried fan Achtkarspelen ôfkard.