NK legaal strjitrace yn Drachten

© Omrop Fryslân
Op de airstrip yn Drachten wurdt takom jier it NK Legaal Strjitracen hâlden. It is foar it earst yn Nederlân dat sa'n kampioenskip organisearre wurdt. De kompetysje bestiet út acht wedstriden. De oare races binne yn Assen, op it TT- sirkwy.
Fan it jier wienen der by wize fan proef legale strjitraces yn Drachten. It eksperimint yn de mande mei plysje en gemeente wie in alternatyf foar de yllegale autoracerij.