Broeretsjerke wurdt oerkape

© Omrop Fryslân
De kûgel is troch de tsjerke foar de oerkaping fan de Broeretsjerke yn Boalsert. De tsjerke baarnde op 8 maaie 1980 ôf. Sûnt dat momint stiet der allinnich noch in ruïne.
Yn it plan krijt de Broeretsjerke in glêzen koepeldak. Op dy wize kin it histoaryske karakter fan de ruïne beholden bliuwe. De finansiering fan de oerkaping is noch net hielendal rûn. Al mei al is der in 4 miljoen euro foar nedich.