Frou bedrige mei pistoal

22 des 2002 - 00:00

In 63-jierrige ynwenster fan Ljouwert is sneontejûn bedrige mei in pistoal. De frou rûn op de Oldegalileën doe't se oansprutsen waard troch twa manlju op 'e fyts. Se woenen jild wikselje.

Doe't de frou sei net wikselje te kinnen, waard se bedrige mei it pistoal. Se is gau in wente ynrûn en hat de plysje belle. Dy is noch op syk nei de dieders.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)