Ynternetside foar Ulbe Zwaga

22 des 2002 - 00:00

Meistanners fan Ulbe Zwaga hawwe in ynternetside makke om de skûtsjeskipper te stypjen. Zwaga waard fan 'e wike út de SKS set om't er him net oan de orzjinaliteitsregels hâlden hat. Op de side stiet de oprop om te reägearjen op 'e skorsing fan 'e Ljouwerter skipper. De freonen wolle de reäksjes oanbiede oan it bestjoer. De side is te berikken fia www.hetnet.nl en dan sykje op 'Ulbe'

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)