De Overval opnij yn premjêre

© Omrop Fryslân
De restaurearre film 'De Overval' gie freed yn premjêre yn it Fersetsmuseum yn Ljouwert. Dat wie 40 jier nei't de âlde film foar it earst te sjen wie yn Amsterdam. Der is in tentoanstellling gearstald oer de befrijing fan 51 fersetsstriders út 'e finzenis fan Ljouwert. Mar der is ek fan alles te sjen oer it ûntstean fan 'e film sels. De tentoanstelling hat de namme 'Van Kraak tot Overval' en is noch oant 2 maart takom jier te sjen.