Moard op Wietske Bauer ûnoplost

© Omrop Fryslân
De fertochte fan de moard op Wietske Bauer is frijlitten. Justysje hat net genôch bewiis om de 51-jierrige man noch langer fêst te hâlden. In lêste tsjûge koe ek net mear helderens jaan oer de saak.
De moard barde yn 1986. Wietske Bauer (36) út Ljouwert waard dea fûn yn it Damsterdjip yn Grinslân. De 51-jierrige man moast doe ek al fanwege te min bewiis frijlitten wurde. It ûndersyk is okkerdeis opnij iepene.