Kamera's yn bussen en treinen

© Omrop Fryslân
Ferfiersmaatskippij NoordNed wol yn 2003 fideobewaking ynstallearje yn harren bussen. De earste tsien bussen mei fideobewaking sille yn 'e regio Snits ride. Noordned fynt de fideo nedich foar de feiligens fan sjauffeurs en reizgers.
De bylden dy't de kamera opnimt sille allinnich brûkt wurde as der ynsidinten west ha. Yn de treinen fan Noordned yn Grinslân wurde al kamera's brûkt, de ûnderfinings binne posityf.