Belangstelling foar museumhaven

© Omrop Fryslân
De takomstige museumhaven yn 'e Ljouwerter binnenstêd hat it earste skip al binnen. It giet om it hast fergiene beurtskip Lenie, dat op it stuit restaurearre wurdt op in skipswerf yn Ljouwert. De Lenie is oankocht troch de stifting Stânfries en moat yn 'e simmer fan 2003 klear wêze.
Njonken de Lenie binne der ek al trije oare histoaryske skippen oanmeld by de gemeente foar in lisplak yn 'e museumhaven.