Emmen - Cambuur giet net troch

20 des 2002 - 00:00

De wedstriid Emmen - Cambuur, dy't foar freedtejûn op it programma stie, giet definityf net troch. De skiedsrjochter hat it fjild fan BVO Emmen ôfkard. Emmen hat, lykas de measte klubs yn 'e earste divyzje, gjin fjildferwaarming. Troch de froast is it fjild te hurd en te min foar in fuotbalwedstriid.

De wedstriid sil no nei de winterstop spile wurde, op 28 jannewaris. Ek de duels VVV-Fortuna Sittard en Veendam - Den Haach geane net troch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)