LC no ek hielendal on-line

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter Krante is mei yngong fan freed folslein op ynternet te lêzen ûnder de namme LC Webeditie. Net allinnich de redaksjonele stikken, ek alle advertinsjes binne yntegraal te besjen yn 'e webedysje.
De webedysje is foarearst fergees. Lêzers moatte wol namme en adresgegevens achterlitte. Takommend jier moat der in abonnementspriis betelle wurde dy't te fergelykjen is mei dy fan 'e papieren krante.